





Gemeenteriedsferkiezings: wêr giet dat oer ?
Alle gemeenten hawwe in lokaal bestjoer dy't oer de gong fan saken yn ‘e gemeente it belied bepaald. De boargemaster is foarsitter fan ‘e gemeente en de wethâlders binne de ‘ministers' fan ‘e gemeente. Sy wurde kontrolearre troch de gemeenteried. De gemeenteried is dus eins de baas yn ‘e gemeente. It tal gemeenteriedsleden hinget ôf fan ‘e grutte fan ‘e gemeente. Hoe mear ynwenners in gemeente hat hoe mear riedsleden der binne. De gemeente Ljouwert hat 37 riedsleden. In moaie mar folle lytsere gemeente lykas bygelyks Wymbritseradiel hat mar 18 riedsleden. Ien kear yn 'e fjouwer jier binne der ferkiezings. Dan bepaalt de befolking fan Ljouwert hokker 37 Ljouwerters yn ‘e gemeenteried sitte meie. De gemeenteriedsleden binne allegear lid fan in politike partij. De politike partijen hawwe allegear in program wat sy de kommende fjouwer jier fan doel binne. Op 3 maart binne dizze gemeenteriedsferkiezings. Wy roppe jim allegear no al op om te stimmen. Wat mear minsken har stim útbringe, wat better it is foar de stêd.
Pier Tilma, gemeenteriedslid FNP
De FNP: in prima partij
Hieltyd mear minsken stimme troch de jierren hinne op de FNP. Terjochte want de FNP is in prima politike partij. Net allinnich yn Nederlân dogge regionale partijen it goed, ek yn ‘e rest fan Europa is dy trend sichtber. Yn Skotlân bygelyks hellet de SNP (Skotske Nasjonale Partij) al hast in tredde part fan alle stimmen. It súkses fan ‘e FNP moat in bytsje yn dy trend besjoen wurde. De FNP bestiet al sûnt 1962 en hat 22 gemeentlike ôfdielings. Ljouwert is dêr ien fan. Saakkundigen binne it der faak oer iens: de FNP hat meast trochtochte stânpunten.
