





|
|
|
Grou, yn 'e takomst by Ljouwert? |
De weryndielingsgoarre giselt troch Fryslân. En tagelyk liket it wol oft elkenien elkoar as in pappegaai neipraat. Gemeenten soenen te lyts wêze, te min bestjoerskrêft, finansjeel net sûn ensfh. As wy nei Ljouwert sjogge dan kin op dit stuit grif de konklúzje lutsen wurde dat de gemeente genôch bestjoerskrêft hat en dat de ‘kompakte stêd' mei in pear libbene doarpen der omhinne net grutter hoecht. It is oersichtlik en finansjeel stiet de gemeente der ridlik goed foar.
Lykwols, om Ljouwert hinne binne gemeenten dwaande mei mooglike weryndielings. Dêrby moat yn it foarste plak tocht wurde oan Ljouwerteradiel en Boarnsterhim. Ljouwerteradiel hat oant no ta gearwurke yn Middelsee-ferbân. In op it each hiele goede set om as fjouwer plattelânsgemeenten mei elkoar te besykjen skaalfoardielen te heljen, personiele saakkundigens te dielen en de ynkeap te sintralisearjen. De gemeenten binne oan elkoar weage wat grutte oangiet en der binne oanwiisbere resultaten. Wat soe it foar boargers better wurde as de stedsgemeente Ljouwert him mei plattelânsdoarpen bemuoie soe?
Yn Boarnsterhim hinget de flagge der oars by. Dêr hat de Ried feitlik al besletten ta opheffen fan de gemeente. Foar in weryndieling is Ljouwert ek yn byld. As in grut part fan Boarnsterhim oan Ljouwert taheakke wurde soe (noardlik fan it PM-kanaal) dan moat de bestjoerlike fokus fan Ljouwert op in noch grutter gebiet rjochte wurde. Wêrby't de gemeente dan ek yn in slimme spagaat komt te sitten tusken de belangen fan stêd en plattelân. Wethâlders en riedsleden hawwe it drok genôch mei de 16 stedswiken en 9 doarpen dy't Ljouwert no al hat. It wurdt in gemeente mei in ôfstân fan hast Gytsjerk nei de grins fan Snits, mei de auto hast trije kertier. Wa is de winner?
Topamtners yn Ljouwert hawwe al útsocht dat de gemeente Ljouwert der finansjeel neat better op wurdt mei in stik fan Boarnsterhim. De 100.000+ status wurdt wol oanfierd mar Ljouwert sit no ek al by de G31-gemeenten dy't ekstra jild krije foar grutte-stêde-problematyk. Sterker noch, de nij te foarmjen Súdwesthoeke gemeente krijt (mocht de fusy noch al trochgean) op jierbasis mear as € 3 miljoen minder as de 5 ôfsûnderlike gemeenten by elkoar opteld no. By weryndielde gemeenten docht bliken dat de foarspegele effisjinsy yn ‘e praktyk ôffalt. Fierder nimt Ljouwert de risiko's mei oer fan de (parten fan) gemeenten dy't weryndield wurde.
En de finansjele situaasje fan omlizzende gemeenten? As jo en ik problemen hawwe om rûn te kommen mei it húshâldboekje dan besykje wy alderearst sels om mear ynkomsten te generearjen of de hân op de knip te hâlden. Soe dat foar gemeenten ek net jilde moatte?
Mar it wichtichste is fansels wol dat it bestjoer noch fierder fan de minsken ôf komt te stean. Mei oare wurden dat de demokrasy in knau krijt. Undersyk yn gemeenten dy't weryndield binne hat oantoand dat de opkomst by riedsferkiezings oer it algemien in stik leger wurdt nei de weryndielings. It nuvere is ek noch dat minsken har by de ferkiezings net útsprekke kinnen hawwe oer de plannen. Yn 2006 wie de mooglike opheffing fan Boarnsterhim absolút gjin tema by de ferkiezings.
Lit ús lessen leare út it mislearjen fan grutskalige fusys by skoallen, sikehuzen en bedriuwen. Net allinnich de minsklike maat komt yn ‘e knipe, de foarôf ferûnderstelde ferbetterings wurde faak net realisearre by in folle gruttere organisaasje. Fansels hat it hegere management en by gemeenten de Kolleezjes fan B&W en de topamtners der wol baat by. Yn gruttere gemeenten komme sy yn hegere salarisskalen te sitten. Lykwols, it is de fraach wat jo en ik der better fan wurde.
Pier Tilma,
riedslid FNP yn Ljouwert
