Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Ferkiezingen 2010 - Nijs

Ferkiezingsstunt FNP: trouwerij breid Boarnsterhim net mei Hearrenfean en Ljouwert tagelyk

GROU - Hjoed soe yn Grou op it bordes fan it âlde riedhûs de trouseremoanje fan Boarnsterhim, Hearrenfean en Ljouwert plakfine. Om 14.00 oere soe it ferlossende antwurd komme.

foto2 trouwerij Boarnsterhim FNP lyts 

 

 

Op de foto: Lyda-Veldstra-Lantinga (FNP Boarnsterhim) yn troujurk en Pier Tilma (FNP Ljouwert) en Poppe Hooijsma (FNP Hearrenfean) yn pak.

Nei de oankomst fan de prachtige breid Boarnsterhim (yn fol ornaat) en de beide kreaze manlju fan Hearrenfean en Ljouwert binne se troch de trou-amtner ûntfongen. Nei har wolkomstwurd stelde se in pear krityske fragen want in trouwerij tusken 1 frou en 2 manlju is wetlik (noch) net mooglik. De fragen dy't se stelde: "Hoe komt dit? Hawwe jim der goed oer neitocht en it goed trochpraat mei famylje en bekenden? Witte jim wol dat je net mei twa tagelyk trouwe kinne?". 

Hearrenfean en Ljouwert moasten de antwurden skuldich bliuwe en binne wer nei hûs ta ôfsetten. De trou-amtner hat harren it advys jûn om net te hastich te wêzen en alles soarchfâldich ta te rieden.

Yn de tuskentiid ferkeart de breid Boarnsterhim noch altyd yn ûnwissichheid. Wa wurdt of wurde myn partner(-s)?

 

De ferkiezingsstunt fan de FNP wie fansels in knypeach nei de politike situaasje. Foar de ferkiezings soe der dúdlikheid komme oer de weryndieling fan de gemeente, mar dy is net kommen. De FNP fynt it net korrekt dat de beloftes net neikommen wurde. Yntusken witte de ynwenners noch net wêr't sy oan ta binne... In dúdlik sinjaal dat de weryndielingsprosessen lang net altyd soarchfâldich ferrinne.     
Werom




FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma