





Ofspraken NW Tangent neikomme
De Steatefraksje fan de FNP wol dat de Noardwesttangent oanlein wurdt neffens de eardere ôfspraken mei de gemeenten. De FNP stiet oan op de ûngelykflierse krusingen en in optimale lânskiplike ynpassing. De fraksje komt yn Provinsjale Steaten op 10 febrewaris mei dat útstel. De hegere kosten moatte betelle wurde troch de spoarline Hearrenfean-Grins en in 4-baans Sintrale As te skrassen,.
De FNP wol net dat de gemeenten opdraaie foar mearkosten fan de Noardwesttangent. Ekstra jild is nedich fanwege miskalkulaasjes by de Provinsje sels. De Provinsje moat dan ek sels de hegere kosten betelje, seit Marten van der Veen fan de FNP Steatefraksje.
Mei de Noardwesttangent wurdt de ûntsluting fan it Noarden fan Fryslân ferbettere. De FNP wiist op it grutte belang dat de omlizzende gemeenten en Ljouwert sadwaande by dit projekt hawwe. ‘It is net reëel om no neat te dwaan. Dêrfoar hawwe de gemeenten net sa swier ûnderhannele. Yn Ljouwert wolle wy it ferkear ûntlêstgje, dat is ek wichtich. De âlde rûnwei wurdt troch de gemeente dit jier al ôfwurdearre mei it each op de Noardwesttangent.'
