Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Ferkiezingen 2010 - Nijs

Formaasje Ljouwert: It liket gelyk mar alles wurdt oars

De FNP-Ljouwert hat de foarkar foar in breed kolleezje oanjûn. De partij is fan betinken dat de drege besluten fan de kommende tiid earder akseptearre wurde sille as der in ienriedich lûd fan it kolleezje en rie nei bûten komt.

WapenLeeuwardenYnformateur Skelte Brouwers advisearret oars. Trochgean mei itselde kolleezje en ien wethâlder minder.

 

De  beweging fan de kiezer nei oare partijen yn it politike spektrum krijt sa net syn wjerslach yn it nije kolleezje. Sterker noch, oan de kant fan B&W feroaret der neat. De PvdA bliuwt mei 11 sitten de koalysje partners Pal Grien Links en it CDA de baas. Mei de ferkiezings is de stêd net kleure mar it wurd fan de wet is wol read bleaun. Sa hawwe PvdA (27%), CDA (11%) en PAL-GL (12%) meielkoar mar 51% fan de stimmen helle. In wol hiel smelle mearderheid om de stêd te regearjen.

 

In stielen fraksje dissipline fan de koalysje partijen moat B&W yn it sadel hâlde wat de duale dynamyk yn de rie smoare sil. De ferbale frustraasje fan de kant fan de opposysje wurdt breed útmetten yn de media en de boarger sil tinke: "Wat is 't in soadsje net?"

 

De earste kommisje gearkomste nei de ferkiezings hat de takomst al tekene. € 3 miljoen tekoart op de thússoarch en de skuldhelpferliening. It antwurd fan de twa demissionêre PvdA wethâlders wie: De beurs lûke. Hoe komt it as wy straks mei de echte besunigings konfrontearre wurde? Ophâlde mei ynvestearjen yn ús duorsume takomst en de lêsten mei de helte ferheegje?

 

De gemeenteried kin net nei hûs stjoerd wurde, mar hoe sit it mei de stabiliteit fan it kommende kolleezje? Wy rinne it risiko dat de iene wethâlder al foar de simmer roppen wurdt ta syn sosjaal demokratyske ferantwurdlikens yn Den Haag. De oare kin wol ris strûkelje omdat hy koart foar de kop is en it ienige read yn syn hert de kleur fan pompeblêden is. Wat hâlde wy oer en wat krije wy der dan by?

 

De FNP yn de Ljouwerter polityk docht net mei yn it spultsje fan de kolleezjefoarming. Dat jout ús wol de romte ûnôfhinklik fan elkenien te sinjalearjen en ús miening te jaan. Ek de takomst fan Ljouwert stiet yn ‘e kiif. As wy de saak yn ‘e bulten jeie komme der krêften fan bûten om hjir de saken wer ynoarder te meitsjen (ûnder kuratele of artikel 12-proseduere). De gemeenterie is dan de rezjy kwyt en dat is it lêste wat de FNP wol.


Werom




FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma