Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Ferkiezingen 2010 - Riedsprogramma 2010-2014

FNP Ljouwert - Programma 2010-2014 - in gearfetting

 

Ljouwert in sterke stêd dy't gjin weryndieling nedich hat

Ljouwert is in grutte mar kompakte kearn mei dúdlike grinzen. Wenje, wurkje en libje yn in prachtige lânskiplike omjouwing. De stêd is ekonomysk en bestjoerlik sterk fan himsels, mei sterke doarpen dêr om hinne. Dêrom is der neffens de FNP gjin ferlet fan fusy mei gemeenten. Gearwurking prima mar gjin weryndieling!

  

Ljouwert haadstêd fan Fryslân
Fryslân, it lân mei in bloeiende kultuer en skiednis mei de haadstêd yn it hert. Ljouwert presintearret him as grutte stêd mei in eigen gesicht yn in twatalige regio fan Europa. De haadstêd yn Fryslân foar fernijende inisjativen en aktiviteiten op it mêd fan kultuer en ekonomy!

De FNP stiet iepen foar sokke inisjativen. Benammen nije lytsskalige aktiviteiten krije by ús de romte.

 

Ljouwert  studintenstêd
Wittenskip op it mêd fan taal, miljeu en agri-nutri is der al yn Ljouwert. Dat moat ûnder dak. Mei in eigen universiteit sil de wittenskip him better thús fiele. In studintestêd brûzet op tal fan mêden en sa'n libbene stêd wolle wy wêze. Der is sa mear perspektyf foar Fryske studinten yn eigen provinsje. Troch in praktyske keppeling mei it bedriuwslibben fiterje wy de kennisekonomy oan.

 

Ljouwert duorsume ekonomyske motor
Ljouwert is en bliuwt de grutste ekonomyske motor fan Fryslân.

Fryske kultuer, ûnderwiis, media en duorsumens yn Ljouwert stimulearje. Foech en jild troch desintralisaasje hjir yn Ljouwert delslaan litte. Wy wolle ússels ûntwikkelje en kinne de wurkgelegenheid útbouwe troch de sterke punten dy't der al binne.

 

Ljouwert ynternasjonaal

Wy binne al in wrâldspiler mei molke en poaters en sille it wurde yn duorsumens. Fan iten, skjin wetter en enerzjy is oeral ferlet. De spesjale universiteit mei stúdzjes foar lytse talen, Wetsus, griene enerzjy en toerisme lûkt rûnom út Europa en dêrbûten studinten oan. It WTC fasilitearje om de ynternasjonale hannel yn Ljouwert te stimulearjen. De FNP wol dat sa de doarren iepen goaid wurde!

 

Ljouwert - de stêd en de doarpen

De stêd krijt romte om te groeien binnen de besteande grinzen. It iepen greidelânskip dêr om hinne wurdt frij hâlden foar lânbou, natuer en rekreaasje. Wentebou en bedriuwslibben yn de doarpen krije kânsen neffens it lokale ferlet. Eigen inisjativen en kultureel ferskaat fan frijwilligers en de mienskip yn wiken en doarpen wurde fasilitearre. In feilige en leefbere stêd mei plysje op strjitte yn stee fan efter it buro.

 

Ljouwert OV- en fytsstêd.

Alle nije ynfalswegen, Heak en Drachtsterplein binne noch lang net klear.

De FNP pleitet dêrom de al plande transfearia oan de súdlike ynfalswegen nei foaren te heljen. Ek as de nije ynfrastruktuer klear is, sil it nedich bliuwe om de auto safolle mooglik bûten de rûnwei te hâlden. Belied om de fyts en it iepenbier ferfier oantreklik te meitsjen heart dêr by.

 

Ljouwert - in sûne finansjele takomst 

Mear út de wei sette mei deselde euro. Net mear útjaan as je hawwe. Lêsten net heger; dat is goed foar boarger én bedriuwslibben. De boarger bewust meitsje fan de mienskiplike kosten; ek in stikje solidariteit. Ynvestearje yn relatyf goedkeape inisjativen út de mienskip wei en minder risiko mei grutte projekten. Mei-inoar der plat foar.  


Oanhingsel(s):
Folsleine ferkiezingsprogram




FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma