Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Programma - 1. Bestjoer en organisaasje



BESTJOER EN ORGANISAASJE - Ljouwert de kompakte en demokratyske stêd

  

De kompakte stêd en syn doarpen

Ljouwert is echt in stêd. Yntinsyf wenjen, wurkjen en libjen binnen dúdlike grinzen. Dat karakter freget in bestjoer dat him rjochtet op in soarchfâldige setting fan de stêd yn it moaie lânskip der om hinne. Minsken wurdearje de stedske kwaliteit hieltyd mear sjoen it tanimmend tal ynwenners yn in krimpende omjouwing. De FNP leaut yn eigen krêft. De stêd is ekonomysk en bestjoerlik sterk, mei sterke doarpen der om hinne. Ljouwert hat dêrom gjin ferlet fan fusy mei heale of hiele plattelânsgemeenten mei in folslein oare gearstalling en finansjele swierrichheden dy't net te oersjen binne. Dêrom: gjin weryndieling. Wat oars is tsjinstferliening oan oare gemeenten. Ljouwert hat fansels skaalfoardielen. Bygelyks de gearwurking mei Boarnsterhim smiet foar beide partijen al foardielen op. Gearwurking prima dus.

  

Demokratyske kontrôle.

It bestjoer (B&W) bestjoert en de Rie bepaalt de haadlinen fan it belied. De rie kontrolearret, stjoert by en sjocht efterôf wat it wurden is. De rie moat dizze taken útfiere kinne. De FNP pleitet foar in transparante, budzjet stjoerde organisaasje mei in dúdlike tuskentiidske ferantwurding. Dan kinne flaters en misrekkeningen fan B&W en/of amtners makliker boppe wetter helle wurde. Dat freget in soad fan de kontrolearjende funksje fan de riedsleden. De FNP fraksje sil lykwols ek yn de takomst de finger op seare plakken lizze.

 

By de Publyk Private (PPS) konstruksjes wurdt de Rie alhiel bûten spul set. De FNP fynt dat mei publyk private omballingen ophâlden wurde moat. Sy binne net goed te trochsjen en te kontrolearjen. Foar safier't projekten lykas  Blitsaerd en de Súdlannen al rinne moatte de risiko's safolle mooglik beheind wurde.

 

Gearkomsten hearre iepenbier te wêzen. Allinnich by oanbestegings en sollisitaasjes kin dêr in útsûndering foar makke wurde . Mar somtiden wurde ‘geheime' gearkomsten yn wêzen brûkt om polityk muoilik lizzende ûnderwerpen bûten de iepenbierheid te hâlden. Dat kin sa net. Beslútfoarming moat foar elkenien kontrolearber yn de iepenbiere riedsseal plakfine. De FNP sil fûl wêze op misbrûk fan besletten gearkomsten.

 

In oar foarbyld  is de ûnbidige ôfdieling kommunikaasje fan 'e gemeente of better sein B&W. Dat is benammen foar de opposysje in neidiel. De FNP fynt dat de wethâlders sels goed kommunisearje moatte mei de boarger. Dat jildt likegoed ek foar de riedsleden. Sy ha it betrouwen krigen fan de kiezer. De FNP makket der wurk fan om ek nei de ferkiezings ferantwurding ôf te lizzen oan de kiezer.

 

Publike taak sels útfiere.

De publike taak, de ôfwaging tusken it algemien en it eigen belang, heart safolle mooglik yn eigen hûs thús. It is in swaktebod en besteegje sokke taken en ôfwagings oan djoere kommersjele eksterne buro's út. Alle jierren wurdt trije kear safolle útjûn as soe. Dat jild kin better oan goede meiwurkers en boargers fan 'e gemeente Ljouwert útjûn wurde. No wolle wy  entûsjaste jonge minsken mei in goede oplieding oanhelje. Dat makket it mooglik dat de gemeente mear dwaan kin en as wurkplak ynteressanter wurdt. Dat hat op himsels wer in oansûgjende wurking op nij talint. Ek is it no noch net te let om de kennis fan it âldere personielsbestân oer te dragen op de nijkommers. De tsjinstferliening nei de boarger sil troch de koarte linen ferbetterje en flaters kinne foarkommen wurde.

 

Maatskiplike ûndernimmings ûnder de gemeentlike politike kontrôle.

De privatisearre enerzjybedriuwen binne nei it bûtenlân ferkocht. De FNP fynt dat lokale inisjativen fan duorsume enerzjyproduksje stimulearre wurde moatte of sels troch de gemeente opset wurde moatte. Ek de wenningboukorporaasjes soene wer ûnder de gemeentelike demokratyske kontrôle brocht wurde moatte.

 

 

Aksjepunten

 

 

 

 

 

 





FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma