Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Programma - 2. Finansjele middels

euroMIDDELS - Ljouwert in sûne finansjele takomst

 

De rekken fan de ekonomyske en finansjele krisis wurdt nei de takomst trochskood. No't it ferhypteekjen fan de takomstige wearde fan huzen en bedriuwen op'e non rûn is stiet de oerheid, en dat bin wy mei-inoar, boarch. Nei 2011 sil dizze rekken betelle wurde moatte. Dat betsjut ek minder ynkomsten foar de gemeente Ljouwert fan út it Ryksregear. Ek de eigen ynkomsten út grûnferkeap steane ûnder druk. Tagelyk lizze de útjeften foar in grut part fêst. As FNP wolle wy net dat de gemeentlike lêsten omheech geane. Ek wolle wy dat de skulden yn de hân hâlden wurde. Dat betsjut mear út de wei sette mei deselde euro, mar ek de mienskip sels oansette ta oplossings en miskien it wichtichste, mei-inoar der plat foar. Frij oerset nei Kennedy: freegje net wat Ljouwert foar jo dwaan kin mar wat jo foar Ljouwert betsjutte kinne!

 

 

Aksjepunten:

 





FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma