





EKONOMY EN WURKGELEGENHEID - Ljouwert duorsume en ynnovative motor
Midden- en lytsbedriuw.
Ljouwert is en bliuwt de stêd mei de grutste ekonomy en wurkgelegenheid fan Fryslân.
De gemeente stelt him yn it foarste plak op as in partner fan it bedriuwslibben. Net ôfremje, mar stimulearje. De gemeente te soargjen foar goede rânebetingsten foar de ekonomyske ûntjouwing yn it algemien. De motor fan de ekonomy is it midden en lytsbedriuw. Startende bedriuwen hearre stipe te krijen. Bedriuwsfergunnings moatte flot ôfhannele wurde.
Dêrneist kin de Gemeente spesifike bedriuwsaktiviteiten stypje. De FNP tinkt dêrby oan kennis en duorsumens. Troch de oerheid bestjoerde aktiviteiten lykas ûnderwiis kinne troch de Gemeente noch mear nei Ljouwert ta lutsen wurde, en dat smyt yndirekt wer wurkgelegenheid foar it MKB op. It WTC fasilitearje om de ynternasjonale hannel yn Ljouwert te stimulearjen.
De FNP stipet it by de tiid bringen fan âlde yndustryterreinen yn gearwurking mei it bedriuwslibben. Krekt fan út it tinken fan lytsskaligens stipet de FNP wol de oanlis fan bedriuwsterreinen en de mooglikheid foar besteande bedriuwen om út te wreidzjen yn de doarpen. FNP is foar it fersterkjen fan de Westergosône.
De besteande bedriuwen yn binnenstêd, de súdlike stedswiken en de doarpen binne net tsjinne mei in ûntwikkeling fan greidewinkels by de Werpsterhoeke. De FNP stipet de besteande bedriuwen yn de striid tsjin sokke ûntwikkelingen.
Nei in duorsume ekonomy.
De FNP ferwachtet dat yn 'e takomst arbeid minder en miljeu en grûnstoffen mear belêste wurde sille. It earste komt de wurkgelegenheid te goede, it twadde sil derta liede dat better omsprongen wurdt mei natuer en miljeu. Wy hoopje dat wy, troch de ûntjouwing fan in duorsume ekonomy oan te trunen, as Ljouwert ek wat bydrage kinne (want in bytsje idealisme mei dochs wol) oan in bettere en humanere wrâld foar ús bern en bernsbern.
Ynnovaasje.
De FNP wol ynnovaasje op it mêd fan kennis en duorsumens troch de gearwurking tusken ûnderwiis, ynstituten en bedriuwslibben. Útbou fan it HBU, it opsetten fan in universiteit en Ljouwert as festigings plak fan de Waadakademy ha hege prioriteit. Njonken in ynstitút as Wetsus tinke wy oan it opsetten fan in produksjebedriuw foar duorsume enerzjy. Neist de ûntwikkeling fan kennis op dat mêd kin ek de opbringst fan € 20 miljoen enerzjy belesting lokaal ynset wurde. Keppeling fan it heger ûnderwiis mei it bedriuwslibben bringt mei dat de kennis yn Fryslân bliuwt. Der ûntstiet ek nije bedriuwichheid út de resultaten fan ûndersyk. De FNP wol ûnderstreekje dat in "akademysk miljeu" ek fan belang is foar it behâld fan de "brains" foar Ljouwert en Fryslân. Troch it lûken fan studinten rûnom wei út Europa en dêrbûten goait Ljouwert de doarren iepen as brûzjende en libbene stêd.
De Gemeente as ekonomyske faktor.
De FNP wol dat de Gemeente sels mear docht en minder útbesteget en minder minsken fan bûten ôf ynhiert. Neist de al neamde foardielen fan in nofliker wurkomjouwing, behâld en útbou fan kennis yn de gemeentlike organisaasje smyt it ek heechweardige wurkplakken op.
Aksjepunten:
