Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Programma - 4. Kultuer



KULTUER - Ljouwert haadstêd fan Fryslân

 

Gjin provinsje hat safolle registrearre popbands, korpsen, toanielferienings, iepenloftspullen as Fryslân. En Ljouwert hat yn Fryslân fierwei de measte en de grutste kulturele foarsjennings. Dat komt troch de sterke identiteit fan Friezen as Friezen en fan Ljouwert as stêd. It Frysk eigene is dêrby in mearwearde, in tsjinwicht tsjin de effekten fan de hjoeddeiske globalisearring.

 

De Fryske taal en it Liwadders heart by dat Frysk en Ljouwerter eigene. Der is op papier in Frysk taal- en kultuerbelied en dat wol de FNP yn it strjitbyld en de presintaasje fan Ljouwert nei bûten ta weromsjen. De gemeente heart útfiering te jaan oan de wetlike regels en ôfspraken dy't beskreaun steane yn it Europeesk hânfêst foar regionale- en minderheidstalen. It is net allinnich moatten. Ljouwert as haadstêd  kin him troch syn kulturele rykdom ek moai profilearje. Krekt de Fryske taal en kultuer meitsje Ljouwert unyk en hat ek in attraksje wearde. Inisjativen op dat mêd moatte stipe krije.

 

Kultuer moat fan ûnderen ôf komme kinne. De kultuer yn brede sin yn Ljouwert is ynstitusjonalisearre; it is in kultuer fan boppe ôf mei goed betelle managers dy't grouwe budzjetten te ferdielen ha. In part fan it kultuerbelied is dan ek mislearre (Sirkus Ljouwert). As de sinten krapper wurde, bliuwe krekt de ynstituten mei har jildmanagers oerein. De fleurige raffels wurde fuort besunige en dêr komme no krekt de inisjativen fan ûnderen ôf wei. De FNP wol de sinten oars en foaral lytsskaliger ferdiele.

 

De FNP wol dat Ljouwert frijplakken biedt oan amateurs en skoallen lykas de Popakademy en Dosint drama oplieding. Besteande gebouwen lykas de Westertsjerke (Teater Romein) en De Bres moatte in eksploitaasje subsydzje krije en rund wurde troch frijwilligers en studinten by wize fan management staazje. De FNP is tsjin it folgjende prestiizje projekt, in grut nij Keunsten sintrum. Mei it handich brûken fan besteande gebouwen kin hiel goed fersjoen wurde yn it ferlet.

 

De keunsten binne net merkkonform en hawwe gjin ekonomysk doel dus dy moatte stipe hawwe. In libben kultureel miljeu jout kleur oan de mienskip. Oarsoartige talinten wurde dêrtroch stimulearre en ynspirearre. Sa behâlde jo weardefolle minsken foar Ljouwert. Dêr leit it rindemint! In aktyf kultuerbelied is goed foar de útstrieling as kulturele haadstêd en dêrmei foar de pleatslike ekonomy.

De FNP wie al net foar de plannen foar it Nij Saailân sa't dy der no útfierd wurde. No driget dêr ek it Filmhûs oan taheakke te wurden. It sil finansiere wurde mei it hypoteek oer 30 jier dêr't de gemeente de kosten fan draacht. En wy binne der noch net! Sawol it filmhûs as it Frysk Museum stean sels foar de kosten fan de ynrjochting. En der moat ek noch in nij depôt foar de opslach fan de keunstwurken komme! Men spekulearret op eksterne jildsjitters en sponsors. As dat net slagget ha wy in prachtich mar leech gebou op it Saailân te stean. 

 

Aksjepunten:

 





FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma