Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Programma - 5. Wolwêzen en sport






WOLWÊZEN EN SPORT.

 

Wolwêzen

Noflik wenjen is foar grut belang foar it wolwêzen en wurdt foar in grut part bepaald troch de leefberens en de sosjale kohesy yn wyk en doarp. De FNP makket him dêr sterk foar. Bygelyks. troch it stypjen fan frijwilligersinisjativen en it takennen fan eigen budzjetten foar wiken en doarpen. Neffens de FNP kinne alderhande taken op wyknivo (opbouwurk, jongereinwurk, plantsoenetsjinst, maatskiplik wurk, stedswacht, buerthûs behear) folle mear yntegrearre wurde, sadat der yn eltse wyk kontinu inkelde profesjonals aktyf binne op ferskate terreinen. Sy sille werkenber wêze, de wyk kenne en te foarren komme dat ynstânsjes byinoar lâns wurkje.

 

WMO (Wet maatskiplike stipe)

Troch de WMO wurdt de gemeente ferantwurdlik foar in grut part fan alle soarch dy't net troch sikehuzen of dokters ferliend wurdt. De FNP fynt it wichtich dat minsken har selsstannigens sa lang mooglik behâlde en mei bliuwe dwaan oan it normale maatskiplike libben. Fasiliteiten en aktiviteiten op wyknivo binne derby fan belang. Maksimale frijheid fan kar foar yndividuen en groepen om dy soarch neffens it eigen ferlet en winsken te organisearjen stiet by de FNP heech yn it findel.

 

Ek foar de WMO jildt dat de euro dêr telâne komme moat dêr't er foar útlutsen is, it ferlienen fan soarch. PGB is sa'n wize fan soarchferlienen. De minsken krije streekrjocht it jild en bepale sels wêr en hoe sy it oan soarch útjouwe. As it jild troch in organisaasje giet sa by de thússoarch moat dat doelmjittich gebeure.

 

Ta beslút moat de gemeente binnen de budzjetten bliuwe. Omdat it nij wie is de WMO oant no ta in iepen ein regeling west mei it tekoart fan 1 miljoen euro. Dat sil slútend makke wurde moatte. Earst troch effisjinter te wurkjen en earst as dat net mear giet dan ferheging fan de eigen bydragen.  

 

WWB  (Wet Wurk en Bystân)

Elkenien docht mei is hjir útgongspunt foar de FNP. By de WWB giet it om safolle minsken oan it wurk te krijen. De kaai leit by de wurkjouwers. De FNP sjucht dêrom mear yn lean subsydzjes dan reyntegraasje buro's omdat de beskikbere euro's streekrjocht by it doel telâne komme.  

 

Sport

Sport heart breed tagonklik te wêzen, benammen foar jongeren. Dat betsjut yn alle gefallen: basisfoarsjenningen ferspraat troch de stêd en lidmaatskippen betelber hâlden troch subsydzjes. De gemeente sil him op brede sport konsintrearje moatte. As haadstêd fan Fryslân soe Ljouwert him better profilearje kinne yn de Fryske sporten sa as keatsen, fierljeppen en reedriden/rolriden mar ek damjen Frysk spul.

 

Aksjepunten Wolwêzen:

 

Aksjepunten sport:

 





FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma