





LJOUWERT STUDINTESTÊD
Ljouwert hat no al in moai ferskaat oan heechweardige ûnderwiis- en ûndersyksynstellings: Stenden, NHL, Van Hall, Wetsus, Cartesius, de Fryske Akademy, Tresoar. Dêrmei kin in lytse universiteit opset wurde dêr't spesjaal omtinken oan wetterbehearsking, duorsumens en taal- en ûnderwiisfraachstikken jûn wurde kin. Troch de EU en it ryk wurdt boppedat in soad jild beskikber steld foar de kennisekonomy. Dy kennisekonomy fiterje wy oan troch in praktyske keppeling mei it bedriuwslibben.Troch kofinansiering kin Ljouwert dêr mei syn ûnderwiisynstellings mear en better fan profitearje as no dien is.
In studintestêd brûzet op tal fan mêden en sa'n libbene stêd wolle wy wêze!
Ljouwert digitaal
In goede digitale ynfrastruktuer is in net te missen betingst foar wurkgelegenheid. Dêrom wol de FNP dat elkenien tagong ta ynternet kriget en der mei om leart te gean sadat men dêrtroch ek makliker oan it wurk komt. De FNP set yn op projekten op it mêd fan multimedia, op glêsfezel en op triedleas ynternet foar plakken dêr't noch gjin flugge kabel leit. Troch it stimulearjen fan thús wurkjen wurdt de wurkwille grutter en it file probleem lytser.
Aksjepunten:
