Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Programma - 7. Feiligens

FEILIGENS - Ljouwert leefbere en sosjale stêd

 

Yn syn algemienens wol de FNP troch previntive maatregels de feilichheid ferbetterje. Wy wolle  ynvestearje yn minsken en buerten. Dat kin troch de ynset fan jongereinwurkers, aksjes om de ferkearsfeiligens te befoarderjen en befoardering fan de mienskipssin. De selsredsumens en sosjale kontrôle yn de buert kin fersterke wurde troch in gearwurkingsferbân fan plysje en buertopbouwurk. Neist de strafrjochtlike oanpak sille benammen ek maatregels rjochte op it fergrutsjen fan de leefberheid en fitaliteit op lokaal nivo nommen wurde moatte.

 

De FNP wol fierders mear wykaginten yn de doarpen en wiken; dúdlike sichtberens fan de plysje op strjitte ferminderet de kâns op geweld. Aginten moatte minder papierburokrasy krije, dat se mear tiid hawwe om de strjitte op. Út ferskate ûndersiken hat bliken dien dat kamera tafersjoch en previntyf fûllearjen hiel djoer binne en net effektyf. Dêr kiest de FNP mei om reden fan privacy net foar.

 

Oangeande de feiligens yn it útgeanslibben set de FNP ek yn op de sichtberens fan de plysje. De regel fan gjin tagong nei trijen wurket goed. Dat de snackbar en shoarmasaak dan wol iepen binne wurdt ‘gedoogd'. Hjir wol optrede tsjin yllegale ferkeap fan drank.

 

 

Aksjepunten:

 





FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma