





LJOUWERT: DE STÊD- EN DE DOARPEN
Ljouwert as haadstêd fan Fryslân kriget binnen de besteande grinzen de romte om te groeien.
Dat betsjut ek mear omtinken en middels foar werstrukturearing, kwalitatyf ferbetterjen en ynwreidzjen fan de besteande wenwiken en bedriuwsterreinen.
By de útwreiding fan stêd en doarp moat minder wite skimmel en ienheidswoarst delset wurde. Bouwe foar kwaliteit, mei in attraktive miks fan wenten, grien en wetter, mei benammen ek omtinken foar goedkeape wenten. Ferskaat fan nije wenningen, in miks fan sosjale klassen, makket nije buerten better leefber.
De kredytkrisis liket de FNP yn de mjitte te kommen. Benammen yn de Súdlannen wurde mear betelbere wenten boud op minder grûn. De FNP pleitet derfoar om it iepen en kultuerhistoaryske wichtige greidelânskip om de stêd hinne, wichtich foar de lânbou, de greidefûgels mar ek foar de rekreaasje, safolle mooglik te behâlden: de kompakte stêd.
Aksjepunten:
