FERKEAR - Ljouwert OV- en fytsstêd.
It ferkear yn en nei de stêd Ljouwert rint hieltyd mear fêst. Mei de Heak, Westlike ynfalswei, NW tangent en it akwadukt yn de Drachsterwei soe de oplossing foar it ferkear yn en út de stêd komme moatte. De FNP hat dêr fraachtekens by. Ynearsten duorret it noch jierren foar't alles klear is. Mei de oanlis fan dizze wurken sil de oerlêst allinnich mar tanimme. De FNP pleitet dêrom de al plande transfearia oan de súdlike ynfalswegen nei foaren te heljen. Ek as de nije ynfrastruktuer klear is, sil it nedich bliuwe om de auto safolle mooglik bûten de rûnwei te hâlden. Belied om de fyts en it iepenbier ferfier oantreklik te meitsjen heart dêr by.
Aksjepunten:
- Ferkear dat net yn de stêd hoecht te wêzen dêromhinne liede. De Heak om Ljouwert sil oanlein wurde mar it NW-tangint is hjiryn in ûnmisbere skeakel.
-
Foarút rinnend op treinstasjon Werpsterhoeke dêr begjinne mei ûntwikkeling fan in transfearium om hjoeddeistige file problematyk oan te pakken.
-
By de westlike ynfalswei gjin ekstra brêge by de Ferlaatsbrêge. Parkearjen moat earder, westlik fan it WTC, ôfhannele wurde.
-
Transfearia bûten rûnwei realisearje, grutte parkearterreinen mei fytsestallings en mei fergees iepenbier ferfier nei it sintrum ta; oerlis mei bedriuwen om gebrûk te stimulearjen.
-
de OV chipkaart aanst brûke om beskate doelgroepen (jongerein oant 18 jier, studinten, âlderein, minima) troch stipe fan de gemeente goedkeape OV tariven of fergees OV binnen de stedsregio te bieden;
-
Behâld en ferbettering fan de treinferbinings nei Starum en Harns(-haven).
-
Yntelliginte iepenbiere ferljochting tapasse yn it bûten gebiet fan de gemeente op plakken dêr't net sa faak fuotgongers of fytsers komme om ljochtfersmoargjen tsjin te gean .
-
It fytsen in grutte stimulâns jaan, mear trochgeande fytspaden en brêgen en tunnels om omriden tsjin te gean. Frij lizzende fytspaden, koartere wachttiden by de ferkearsljochten en foldwaande fytsparkearplakken.