30-03-2010 - Kolleezje: posysje Van Hall fersterkje Yn antwurd op de fragen fan de FNP oer it mooglik ferdwinen fan banen by it Van Hall antwurdet it kolleezje fan B&W fan Ljouwert dat se alle war dwaan sille om de posysje fan it Van Hall te fersterkjen.
19-02-2010 - FNP: fragen oer wurkgelegenheid Van Hall Ljouwert De FNP yn Ljouwert stelt hjoed fragen oan it Kolleezje fan B&W fan de Gemeente Ljouwert oer it behâld fan wurkgelegenheid by de Hegeskoalle Van Hall Larenstein.
15-02-2010 - Inisjatyf sichtberens Frysk yn Ljouwert De FNP yn Ljouwert komt mei in inisjatyf om it Frysk yn de gemeente Ljouwert in better plak te jaan yn de publike romte en op digitaal terrein (ICT-tapassings).
08-02-2010 - FNP: fragen oer skuldeposysje gemeente Ljouwert De FNP wol witte hoe heech de aktuele skulden fan de gemeente Ljouwert binne. Oer skulden betelje jo rinte en dêr moat helderheid oer wêze.
04-02-2010 - Fytsen stasjon: einlings aksje De FNP hat al jierren pleite foar mear stallingsmooglikheden foar de fyts by it stasjon. Einlings komt de gemeente yn aksje.
31-01-2010 - Wolkom by fraksjegearkomste Wytgaard De FNP-fraksje hat op 4 febrewaris in fraksjegearkomste yn Wytgaard en wol graach witte wat der ûnder de ynwenners fan ús gemeente libbet.
06-12-2009 - Aksje fyts fuort by it treinstasjon De FNP-Ljouwert steIt fragen oan it Kolleezje oer it fuortheljen fan fytsen bûten de stalling by it treinstasjon te Ljouwert. De eigeners kinne har stalen ros tsjin betelling op it yndustryterrein wer ophelje. Wa it treft fynt dizze maatregel bûtengewoan ûnridlik en willekeurich.