





Ut in berjocht yn it Friesch Dagblad mei as kop ‘Van Hall ontslaat medewerkers' docht bliken dat op de trije fêstigings fan Van Hall yn Ljouwert, Velp en Wageningen ûntslaggen te ferwachtsjen binne om't de kosten foar personiel en hier te heech wêze soenen. Ut betroubere boarne hat de FNP begrepen dat der wurke wurdt oan it sintralisearjen fan tsjinsten. It is noch ûndúdlik hoefolle fan de 400 meiwurkers fuort moatte soenen. De FNP wol no dúdlikheid hawwe hoe't de banen yn Ljouwert behâlden wurde kinne.
De FNP kaartet dizze kwestje ek oan, omdat yn it ramt fan it Heare-akkoart destiids besletten is om it Van Hall nei Ljouwert te ferhúzjen. Der is doe besluten om ien grutte ‘griene' Hegeskoalle yn Ljouwert op te setten foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Letter is der in fúzje kommen tusken Van Hall en Hogeschool Larenstein. Wy freegje ús no ôf hokker ôfspraken der yn dy tiid makke binne om wurkgelegenheid foar Ljouwert te behâlden. Ommers, de komst fan Van Hall wie ek bedoeld as kompinsaasje foar Ljouwert om't bygelyks it Frysk orkest opdoekt waard. De FNP fynt fersterking fan it Heger Underwiis yn Ljouwert wichtich om't dêrmei de posysje fan Ljouwert as haadstêd fan Fryslân fierder útboud wurdt. De plannen fan Van Hall Larenstein om te snijen yn de fêstiging-Ljouwert dogge dêr ûnderstek oan.
Hjirûnder binne de fragen yntegraal werjûnn.
