Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Riedsfraksje - Nijs

Kolleezje: posysje Van Hall fersterkje

Yn antwurd op de fragen fan de FNP oer it mooglik ferdwinen fan banen by it Van Hall antwurdet it kolleezje fan B&W fan Ljouwert dat se alle war dwaan sille om de posysje fan it Van Hall te fersterkjen.

bebouwing gebouw leeuwarden vanhall

Aanhangsel nr. 307660

 

Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 41, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 19 februari 2010 door de fractie van de FNP over mogelijke ontslagen bij het Van Hall Instituut.

 

 

Vragen                             Antwoorden

  • 1. Hawwe jim kundskip nommen fan it artikel yn it Friesch Dagblad?

 

Ja.

  • 2. Is it jim bekend dat as gefolch fan in reorganisaasje by Van Hall Larenstein yn Ljouwert banen yn ‘e kiif steane?

 

 

It is net dúdlik om hoefolle banen it in totaal giet. It giet om mear ynstituten wer mooglik ûntslaggen falle. Nei fúzjes fan it Van Hall Instituut mei efterinoar Larenstein Velp en de WUR Wageningen, is it Kolleezje fan Bestjoer fan de WUR wyls ferantwurdlik foar de karen die kleardernôch makke wurde moatte. Ús is op dit stuit net bekind of dat ek gefolgen hat foar it Van Hall Instituut.

 

  • 3. Sa ja, wat sil it Kolleezje op koarte termyn dwaan om de banen safolle mooglik yn Ljouwert te behâlden, en leafst Van Hall Larenstein yn Ljouwert noch te fersterkjen (mei fanwegen de oanwêzige kennishotspots Wetsus en Cartesius)?

 

 

 

 

 

 

Sjoch it antwurd ûnder 2.

Dêrneist is it sa dat de Provinsje en de gemeente der alles oan dogge om de posysje fan it Van Hall Instituut te fersterkje. As foarbyld derfan kin wize wurde nei de komst fan it Centre of Marine Policy mei nei skatting 20 banen. Ek de realisaasje fan it wetterapplikaasjesintrum en BIOSPIN (laboratoariumfasiliteiten rjochte op libbensmiddelstechnology en fersterking fan de melkerijpoat fan de Landbouwcampus) kin ek as foarbyld tsjinje.

  • 4. Binne der ôfspraken makke foar it behâld fan wurkgelegenheid by it Van Hall ynstitút yn Ljouwert doe't de fúzje mei Larenstein syn gerak krige? Sa nee, wêrom net? Sa ja, wat binne dy ôfspraken en sil it Kolleezje de ferskate partijen dêr oan hâlde?

Nee. De gemeente en de Provinsje wienen gjin partij yn de boppeneamde fúzjes.

Boppedat hienen de fúzjes ta doel om de kontinuïteit fan it Van Hall Instituut te fersekerje.

 

 

Leeuwarden, 30 maart 2010

 

Burgemeester en wethouders van Leeuwarden,

 

 

 

Burgemeester,

 

 

 

Secretaris,


Werom




FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma