





Op 7 desimber hat de FNP it Kolleezje fan B&W fan de Gemeente Ljouwert frege om mear plak foar it stallen fan fytsen by it stasjon fan Ljouwert. Fierder frege de FNP om in systeem mei stikkers om 'weesfytsen' dy't dêr al hiel lang stean fuort te heljen.
Ut de antwurden docht bliken dat de gemeente yn oerlis is mei Prorail oer it bypleatsen fan fytserekken. Fierder is de gemeente yn gesprek mei Prorail om te ûndersykjen oft de betelle stalling mei tafersjoch fergees te meitsjen is. As lêste sil de gemeente fytsen dy't dêr al hiel stean en blykber net mear brûkt wurde fuorthelje. De FNP is bliid dat der no einlings wurk makke wurdt fan it probleem. Der wurdt no ek in ferkiezingsbelofte fan de FNP út 2006 ynlost. Hjirûnder steane de antwurden yntegraal fermeld.
|
Aanhangsel nr. 298674
Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 41, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 7 december 2009 door de heer Tilma namens de FNP-fractie.
|
|
|
1. As de oerhied mei in sanksje nei de boarger komt moat hjir hiel soarchfâldich mei omgien wurde. Yn it gefal fan it fuortheljen fan de fytsen by it treinstasjon kin de boargers faaks net oan de noarm foldwaan gewoan omdat der meastentiids te min plak yn de stallings is. Is it fuortheljen en de te beteljen boete by it werom heljen yn dizze situaasje foar de gemeente Ljouwert wol te rjochtfeardigen? Moat Ljouwert net gewoan mear plakken yn stallings meitsje? |
Der wurde yndie op dit stuit fytsen fuort helle dy't bûten de rakken stean, dit bart op basis fan artikel 5.1.11 fan ‘e APV. De rakken stean no fol en op bepaalde mominten is der gjin plak mear beskikber yn ‘e stalling sûnder tafersjoch. Yn de stalling mei tafersjoch is der likernôch foldwaande plak beskikber. As fytsers der dan foar kieze om harren fyts net yn ‘e stalling mei tafersjoch te setten, riskearje sy bewust in boete. Dêrneist is de gemeente Ljouwert yn oerlis mei Prorail oer it bypleatsen fan fytsenrekken. Fjierder binne wy yn gesprek mei Prorail om te ûndersykje of de betelle stalling mei tafersjoch fergees te meitsjen is. Wy ferwachtsje dat hjirmei de stalling mei tafersjoch yntinsiver brûkt wurde sil
|
|
2. Grins makket mear romte yn de stallings troch de weesfytsen mei in stikker systeem fuort te heljen. Is dizze wize fan wurkjen rjochte op de fersmoargers ek wat foar Ljouwert? |
Ja, op basis fan artikel 5.1.11 fan ‘e APV gean wy fan ôf april 2010 de weesfytsen fuortheljen. |
|
|
|
|
|
|
Ljouwert, 2 februaris 2010
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,
boargemaster.
sekretaris.
