Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Riedsfraksje - Nijs

FNP: fragen oer skuldeposysje gemeente Ljouwert

De FNP wol witte hoe heech de aktuele skulden fan de gemeente Ljouwert binne. Oer skulden betelje jo rinte en dêr moat helderheid oer wêze.

foto euromunt

De FNP-Ljouwert stelt hjoed by de yntegrale kommisje in fraach oan wethâlder Krol fan finânsjes mei hokker skulden dit Kolleezje har perioade ôfslút. De FNP hat der earder oer yn sitten dat it wolris ta in ferdûbeling yn ien perioade komme kinne soe. Sa mâl sil it net gean mar it liket de FNP suver ta dat de kiezer in byld hat foar de ferkiezings wat B&W op dit mêd út de wei setten hat. Wy freegje der benammen nei omdat de wethâlder foarige wike sels warskôge hat foar besunigings troch oprinnende rintelêsten.  

 


Hjirûnder steane de fragen yntegraal opnommen:

 

Yntegrale kommisje gearkomste byinoar moandei 8 febrewaris 2010

 

Fraach oan Wethâlder Krol fan finânsjes oangeande de stân fan de skulden fan de gemeente Ljouwert op 3 maart 2010.

 

FNP wol ynsjoch yn de skulden posysje fan Ljouwert wêrmei it Kolleezje de perioade ôfslút.

 

In pear kear yn dizze kolleezje perioade hat de FNP oandacht frege foar de oprinnende skulden posysje fan de gemeente Ljouwert. Wy binne 2006 yngien mei €160 miljoen, it lêste ús bekende sifer is goed € 206 miljoen wat blykt út it oersjuch fan de opnommen jildlieningen fan de begrutting 2010. Jannewaris is gauris de moanne dat nije lieningen opnaam wurde wat blykt út de oangiene lienings fan € 20 miljoen elk yn sawol jannewaris 2008 as 2009. It liket de FNP út it eachpunt fan transparânsje wichtich dat foar de ferkiezings fan 3 maart 2010 dúdlik wurdt hokker ferplichtings dit Kolleezje yn har bewâld oangien binne.     

 

Pier Tilma

Riedslid FNP


Werom




FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma