Frysk
Nederlands
FNP Ljouwert
www . fnp058 . nl
Riedsfraksje - Nijs

FNP-fragen opheljen ôffal yn bûtengebiet

De FNP stelt fragen oer it net-leegjen fan konteners yn it bûtengebiet yn 'e snie- en winterperioade.

foto gft kontainers

Yntegrale kommisje gearkomste byinoar 8 febrewaris 2010

 

Fraach oan Wethâlder Diks oangeande it net opheljen fan it hús ôffal yn it bûten gebied sûnt begjin desimber 2009.

 

It is de FNP Ljouwert dúdlik wurden dat it reguliere hús ôffal opheljen troch Omrin yn it bûten gebied by Wytgaard sûnt begjin desimber net mear plak fûn hat. Belutsenen ha neifraach dien hoe't dit komt. De snie oerlêst waard as reden opjûn foar it ferfallen fan it "rûntsje bûtenom". Yn tsjinstelling hjirmei is dat it âld papier wol troch Omrin yn dizze selde perioade ophelle waard. Dat ek noch mei in grutte jiskewein wylst by it hús ôffal gewoanwei in lytse frachtwein ynset wurdt.

 

Is de wethâlder op de hichte fan dizze situaasje en sa ja wat sil de wethâlder dwaan om dizze boargers dochs fan har ôffal ôf te helpen? De folgjende froast perioade komt der al wer oan.

 

Pier Tilma

Riedslid FNP


Werom




FNP Ljouwert YouTube
FNP Ljouwert Weblog Pier Tilma