





De partij wol mei finansjele stipe fan de provinsje in projekt opsette om:
De wurkwize is sa dat de gemeente bedriuwen, ferienings, ynstellings en partikulieren benadert en freget oft sy (op frijwillige basis) har website, beweiwizering, buordsjes en oare sichtbere saken ek Frysk- of meartalich meitsje wolle. As dat sa is, kinne de organisaasjes/partikulieren oanjaan hoefolle kosten dêrfoar makke wurde en hoefolle jild sy tekoart komme. De gemeente kin dan fasilitearje.
Mei it projekt kin de Gemeente, dêr't neffens berekkenings fan de Provinsje Fryslân sa'n 25.000 Frysktaligen wenje (sa'n goede 25% fan de befolking), in grutte slach meitsje yn it sichtber meitsje fan it Frysk. De posysje fan Ljouwert as haadstêd fan Fryslân kin dêrmei fersterke wurde. De útfiering kin yn 2011 begjinne, nei de takenning fan de middels troch de Provinsje Fryslân.
De eigen bydrage fan de Gemeente kin beheind bliuwe ta € 20.000,-. In bedrach dat betelle wurde kin út de algemiene middels fan de Gemeente Ljouwert.
